Pier21 | Wat spilet
Natalia Balanina

Pier21

Wat spilet
do 12 nov — 20.15
12 nov
20.15
  • 12 nov
    20.15
    Schouwburg De Lawei, Drachten
    Roel Oostrazaal
    Vanaf 23 mei — 12.00

It Fryske teäterselskip Pier21 bringt mei Wat spilet in yndrukwekkende foarstelling. Oer famylje, geheimen en hoe’t âlde pine ûnbewust trochwurket yn it no. 

Pier21 komt naar De Lawei.

It Fryske teäterselskip Pier21 bringt in yndrukwekkende foarstelling. Oer famylje, geheimen en hoe’t âlde pine ûnbewust trochwurket yn it no. 
 
By in besletten repetysje treffe we in jonge regisseuse en in ferneamd aktrise. Wat begjint as in profesjonele wurksesje, feroaret wannear’t de aktrise fêstrint yn har Fryske memmetaal. Foar har is dy taal sterk ferbûn mei de pine út har jeugd. In ferburgen famyljeferhaal komt stadichoan nei boppen. 
 
Yn dizze tragikomyske foarstelling bringe Anna Raadsveld en Merel Staalstra mei humor, skerpte en kwetsberheid twa froulju ta libben dy't hieltyd tichter by in dielde skiednis komme. Mei in tekst fan Roos Bottinga en rezjy troch Mara van Vlijmen makket Pier21 in foarstelling oer wat famyljes trochjouwe sûnder wurden. Oer wat wy meinimme út ús jeugd. En oer de fraach hoefolle fan dat ferline noch altyd yn ús trochwurket. 

credits

Tekst: Roos Bottinga | Fryske oersetting: Nynke Laverman | Regy: Mara van Vlijmen | Spul: Anna Raadsveld en Merel Staalstra | Dekorûntwerp: Hester Jolink | Technyk: Ben Vrielink en Jeroen van Casteren | Fotografy kampanjebyld: Natalia Balanina | Untwerp kampanjebyld: Bernard Roorda | Foarmjouwing publisiteit: Anna Witteveen | Pier21: David Lelieveld, Maaike Beckers, Alie Falkena, Theo Smedes 

Wachtlijst

Wenslijstje

Toegevoegd:

Naar wenslijstje

Inschrijven voor onze nieuwsbrief