Toanielferiening Us Nocht
Jierdei
- Datum
- zaterdag 28 januari 2012
- Aanvang
- 20.00 uur
- Zaal
- Kleine Zaal
- Genre
- Verhuur | Meer van dit genre
- Kaarten
- Geweest
De famylje komt byinoar om de jierdei fan Jacobus te fieren. Se freegje harren net ôf oft Jacobus dêr no wol sa’n nocht oan hat dat se delkomme. As famylje moatte jo der gewoan wêze om him út syn iensumens te rêden. Mar geandewei docht bliken, dat Jacobus eins de minst iensume fan de famylje is. Sa wurdt it in komeedzje mei in bitter rântsje. Nei it grutte súkses fan it ôfrûne jier sille wy wer besykje om jo as fanâlds in tige noflike jûn te besoargjen. Jo kinne kaarten (ynklusyf in drankje yn it skoft) bestelle fia de kassa fan De Lawei of www.lawei.nl.
